Swimfun op De Jouwer sân wiken ticht

10 apr 2018 - 11:48

Subtropysk swimbad Swimfun op De Jouwer is fan 22 maaie ôf sân wiken ticht. Stichting De Stiennen Flier begjint dan mei de folgjende faze fan de renovaasje fan it swimbad. It giet om de klaairomten en de flierren yn it bad dy't fernijd wurde. Ek it ljocht en lûd yn it swimbad wurde oanpast en der komme ynteraktive attraksjes by.

Dizze saken binne by de earste faze yn 2014 net meinaam. Swimfun hat jierliks sa'n 200.000 besikers. Sporthal Sportfun neist it swimbad bliuwt ûnder der ferbouwing gewoan iepen.

Trefwurden: 
swimbad Swimfun De Jouwer
(advertinsje)