Nij rock- en metal festival: Surhuzum Open Air

10 apr 2018 - 11:33

Fryslân krijt der in nij rock- en metal festival by: Surhuzum Open Air. In groep fan fjirtjin manlju en ien frou út it doarp fynt it spitich dat hieltyd mear festivals ophâlde. Doe't dúdlik waard dat ek Dokk'em Open Air dermei ophâldt, namen de Surhústers it beslút sels in festival op te setten.

Der binne yntusken sân bands fêstlein foar SOA, wêrûnder fjouwer tributebands. Dy sille ûnder mear wurk fan AC/DC, Iron Maiden en Metallica spylje. It festival wurdt op 7 july hâlden by it buorskip Ophûs.

(advertinsje)