Noardlike kreamsoarchynstânsjes sille mear gearwurkje

10 apr 2018 - 11:06

Kreamsoarchynstânsjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte ha tiisdei in konvenant tekene om mear gear te wurkjen. Sa moat der ien regionaal oansprekpunt komme foar oare ynstânsjes. Dat moat de kwaliteit fan de kreamsoarch ferbetterje. De organisaasjes spylje hjirmei yn op de ynfiering fan de yntegrale bertesoarch: mear gearwurking tusken kreamsoarch, ferloskundigen en sikehuzen. It Kraamzorg Samenwerkingsverband moat in folweardich peteargenoat foar oare partijen wurde.

Trefwurden: 
kreamsoarch gearwurking
(advertinsje)
(advertinsje)