Hoe komt it nije Wrâlderfgoedsintrum derút te sjen?

10 apr 2018 - 10:35

Yn Lauwerseach wurdt tiisdei it ûntwerp en de arsjitekt fan it nij te bouwen Wrâlderfgoedsintrum bekendmakke. De inisjatyfnimmers hawwe dêrfoar socht nei in toparsjitekt en dat is slagge. Yn totaal wurdt der 29 miljoen euro ynvestearre, wêrfan 14 miljoen troch private ynvestearders.

Dat jild wurdt ûnder oare brûkt foar in nij hotel en de ferhuzing fan it seehûnesintrum Pieterburen. De ferwachting is dat it nije sintrum yn juny 2020 iepen kin.

(advertinsje)