Ljouwerter (55) rydt mei drank op: rydbewiis kwyt

Rydbewiis © ANP XTRA
In 55-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn syn rydbewiis kwytrekke, om't er mei tefolle drank op efter it stjoer siet. De plysje sette de man op de Oostergowei oan de kant. It slagge net om in blaastest ôf te nimmen, wêrnei't in bloedproef ôfnommen is.
De man moast syn rydbewiis ynleverje en krige in rydferbod fan 24 oeren oplein.