Kollum: "Skiednis wurdt in collecters item"

10 apr 2018 - 07:40

"Buorman stie mei in sneu gesicht achterhûs. By de grize kontener. It wurd ‘mismoedich’ like spesjaal foar him útfûn. Myn ynderlike sosjaal wurker manisfestearre him op slach, en ik stapte op him ta. Hy fernaam my earst net iens, sa wie er yn ’e tinzen wei. Foarsichtich lei ik him de hân op it skouder. Ik frege wat der te rêden wie.

‘Ik ha kontrôle fan de Polityk Korrekte Plysje hân,’ sei er. ‘In hússiking.’ Dêr waard ik kjel fan. No kaam it wol hiel tichtby. Ik hifke hoe’t it derfoar stie. ‘Al myn spullen moatte fuort,’ sei er. Hy wiisde nei de steapel neist de kontener. Allegear buordspullen. Buorman wie in leafhawwer, dat wist ik mar al te goed. Ik krige de boppeste doaze fan de steapel en seach him oan. Risk. Hy skodholle: ‘ymperialisme’. De folgjende wie Knappe Koppen. Dat wie diskriminaasje fan bern dy’t net goed leare koene. Monopoly: Westersk kapitalisme. Stratego: oarlochshysjen. Ik hou van Holland: ing nasjonalisme. Escape Room. ‘Dat ek?’ frege ik. Hy knikte. Sûnt de plysje yn Kalifornië okkerdeis 13 ferwaarleazge persoanen yn ’e leeftyd fan 2 oant 29 jier út in hûs yn it plakje Perris befrijd hie, koe dat net mear. Buorman syn mismoedigens krige ek fet op my. Mei wat fan wanhope tikke ik de doaze fan Huisje Boompje Beestje oan. ‘Nee,’ sei er, ‘rolbefêstigjend.’ Secret Hitler liet ik dêrnei hielendal mar gewurde.

De weach fan politike korrektens dy’t oer it lân spielt, begjint destruktive foarmen oan te nimmen. De produsint fan it spultsje ‘Kolonisten van Catan’ hat in skoftke lyn de namme dêrfan feroare. Dat is harren goed rjocht. De oanlieding is lykwols dubieus. De klacht út pro-Palestynske hoeke fan minsken dy’t fûnen dat de fabrikant dêrmei stipe joech oan it bouwen fan Joadske delsettingen op de Westlike Jordaanoever, is sa absurd dat sels Monty Python it net betinke kinnen hie. Dochs hat it protest súkses hân, want it spul hjit tenei Catan, sûnder Kolonisten. Tagelyk is de fabrikant like hypokryt as it hiele D66. Op harren site wurdt it ommers noch wol as Kolonisten van Catan oanpriizge. Dat dogge se omdat minsken googelje op it wurd ‘Kolonisten’ om it spul te sykjen, en it oars net fine kin. De kassa moat wol rinkelje, fansels.

No kin men sizze: wat kin it skele, sa’n oanpassing fan in namme. Op himsels neat, as it net in symptoom fan in korrektheidsepidemy wêze soe. It feroarjen fan spultsjenammen past yn it rychje oanpassen fan strjitnammen, it fuortheljen fan stânbylden, it ferbieden fan cowboy- en yndianefeestjes en folle net genôch. Yn stee fan te tsjutten en te learen fan de skiednis, slacht it makberheidstinken de kloeren ek dêrnei út. Sels dat wat west hat mei alle goed en kwea, moat oanpast, herskikt of útwiske wurde om yn it ideale plaatsje fan de Brave New World fan hjoed-de-dei te passen. Ien tip fandatoangeande: lês en sammelje sa fluch mooglik alles dat mei de skiednis fan de minskheid te krijen hat. Want dat kin noch wol ris in collectors item wurde."

(advertinsje)