Der moat in nije standert foar nasjonale parken komme

10 apr 2018 - 07:26

Der moat in nije nasjonale standert komme dy't de Fryske en Nederlânske nasjonale parken echt op de kaart set en mear bekend makket by it publyk. Finansjele stipe fan de oerheid is dêrby fan grut belang. Dat sei Lutz Jacobi moandeitejûn by in gearkomste fan nasjonaal Park De Alde Feanen yn Grou. Jacobi spruts dêr as bestjoerslid fan it gearwurkingsferbân nasjonale parken.

Under in nasjonale standert moatte nasjonale parken yn gearwurking mei oerheden en oare ynstânsjes de parken bekender meitsje by it publyk en nijsgjirriger om hinne te gean. Yn de parken moat dúdlik te sjen wêze, bygelyks troch buorden en ynformaasje, dat it om in nasjonaal park giet. No is dat faak noch net it gefal en witte minsken net iens dat se yn in nasjonaal park binne. Ek moat der net allinnich oandacht wêze foar de natuerwearde fan sokke gebieten, mar ek foar de ekonomyske wearde en de skiednis dy't him hjir ôfspile hat. Op dy wize wurdt it foar besikers nijsgjirriger om langere tiid yn de parken troch te bringen.

Neffens Jacobi wurdt der al ferskate jierren oan sa'n standert wurke. Mar hy is der noch net. Dêrfoar is ek in beslút en finansjele stipe fan it kabinet nedich. Se tinkt dêrby oan in bedrach fan 12 miljoen euro foar seis jier. Jacobi is optimistysk dat it kabinet hjir foar de kommende begrutting mei oan de slach giet. Foaral ek omdat der brede stipe foar bestiet út de parken sels, mar ek út provinsjes en organisaasje as VNO/NCW en de ANWB. Ek stiet yn it regearakkoart dat it nasjonale parkebelied trochset wurde moat. Fryslân hat trije nasjonale parken: Skiermûntseach, De Lauwersmar en De Alde Feanen. Ek it Drents-Friese Wold leit foar in part yn ús provinsje.

(advertinsje)