Staking by wenningboukorporaasjes

10 apr 2018 - 07:12

Meiwurkers fan wenningkorporaasjes yn Noard-Nederlân lizze tiisdei it wurk del. Se stake foar in better lean en in legere wurkdruk. Yn Grins wurdt letter tiisdeitemoarn in manifestaasje holden. Stakers út Fryslân, Grinslân en Drinte binne dêrby oanwêzich. Der is in mars by ferskate wenningkorporaasjes del. Ek wurdt wat oan oanbean oan Sije Holwerda. Hy is ien fan de wurkjouwers, dy't mei de fakbûnen om tafel sit oer de nije cao.

Ut Drachten, Grou en Sint-Anne wurde bussen ynsetten om stakers te ferfieren. It giet om in ferrassingsaksje dy't organisearre is troch de fakbûnen CNV en FNV.

(advertinsje)
(advertinsje)