Cambuur-trainer René Hake: "Veel ruimte voor verbetering"

10 apr 2018 - 06:30

SC Cambuur kaam wer ris mei de skrik frij. Tsjin Jong AZ waard yn de lêste minút mei 3-2 wûn. Kevin van Kippersluis (twa goals) en Justin Mathieu (de winnende yn de 89e minút) wiene de Ljouwerter doelpuntemakkers.

Trainer René Hake seach dat it spul fan syn ploech lang net altyd goed wie. "Er is veel ruimte voor verbetering. Het winnen is het belangrijkste, maar het maakt zeker uit hoe dat gaat. Dat we bepaalde gedeelten van de wedstrijd er slecht uitzagen is duidelijk."

Kevin van Kippersluis wie allinne mar bliid mei it resultaat en syn beide doelpunten. "Ik heb een moeilijke periode gehad en de laatste drie wedstrijden meer speelminuten gekregen. Dan is het fijn dat ik mijn aandeel kan meebrengen. Ik hoop voor aankomende vrijdag weer een plekje gereserveerd te hebben." Freed spilet Cambuur de útwedstriid tsjin FC Dordrecht.

Foar Justin Mathieu wie it meitsjen fan de winnende treffer in opstekker. Mathieu siet ferline wike net by de seleksje, mar foel no it lêste kertier yn. "Ik ben extra blij, omdat ik uit een lastige situatie kom. Ze hebben me blijkbaar goed geprikkeld."

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)