Frysk Ljeppers Boun rekket nei 15 jier haadsponsor kwyt

09 apr 2018 - 22:52

ROC Friese Poort hâldt op as haadsponsor fan it Frysk Ljeppers Boun. Dat is bekend makke op de algemiene ledegearkomste. Takom jier is it lêste jier dat ROC Friese Poort him as haadsponsor oan de feriening ferbynt. It opliedingssintrum hat fyftjin jier haadsponsor west, mar wol no in oare ynfolling jaan oan har sponsorbelied.

Neffens foarsitter Remco Meijerink fan it bestjoer fan ROC Friese Poort wol de skoalle de fokus mear lizze op aktiviteiten dy't in link ha mei ûnderwiis. Foarsitter Teije Dijk fan it Ljeppers Boun fynt it spitich, mar hat der wol begryp foar nei sa'n lange perioade.

(advertinsje)