SC Cambuur pakt trije punten mei winst tsjin Jong AZ

SC Cambuur hat moandeitejûn de wedstriid tsjin Jong AZ mei 3-2 wûn. De wedstriid waard yn de lêste minút fan de offisjele spyltiid beslist.
Nei acht minuten spyljen kamen de Ljouwerters op foarsprong troch in doelpunt fan Van Kippersluis. Hy krige de bal út in rappe counter fan Daniels, dy't de bal breed lei. Van Kippersluis stie hielendal frij en skeat de bal achter de keeper fan Jong AZ. Yn de 34e minút makke Jong AZ de lykmakker. Wylst Cambuur mear yn balbesit wie, wist Jacobs de stân op likense hichte te bringen. Trije minuten letter kaam Cambuur opnij op foarsprong út in counter. Nei ferskate ynspanningen om de bal der yn te krijen, wie it wer Van Kippersluis dy't him lâns de keeper krige.
Nei rêst kaam Jong AZ wer op likense hichte. Jacobs tekene foar de 2-2. Yn de 89e minút luts Cambuur oan it langste ein. Justin Mathieu skoarde it winnende doelpunt. Einstân 3-2.
Omdat meardere konkurrinten punten ferspilen, docht Cambuur mei dizze oerwinning goede saken foar it heljen fan de play-offs.