Jong SC Hearrenfean kin kampioenskip noch net pakke

09 apr 2018 - 21:43

De beloften fan SC Hearrenfean binne der moandeitejûn net yn slagge it kampioenskip te pakken. Yn Rotterdam waard mei 3-2 ferlern fan Excelsior. Hjirtroch bliuwt it gat mei de nûmer twa Cambuur fiif punten. Der moatte noch twa wedstriden spile wurde.

De ploech fan trainer Chris de Wagt kaam yn de njoggende minút op achterstân troch in doelpunt fan Kevin Vermeulen. Trije minuten letter waard it 2-0 troch Jurgen Mattheij. Flak foar rêst koe Jong Hearrenfean wat weromdwaan troch in doelpunt fan Rojas. Nei in lyts oere spyljen lei alles wer iepen, doe't Jizz Hornkamp de lykmakker op it boerd sette. Spitigernôch foar de Feansters skeat Excelsiorspiler Levi Garcia fiif minuten letter de 3-2 deryn. Dat wie ek de einstân.

Jong Hearrenfean spilet op 23 en 30 april noch út en thús tsjin RKC Waalwijk.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)