Hegeskoalle yn Ljouwert wiis mei nij ûnderwiisakkoart

09 apr 2018 - 21:23

NHL Stenden Hegeskoalle is tefreden oer it nije sektorakkoart heger beropsûnderwiis dat moandei ûndertekene is. Neffens de skoalle is it in fersterking fan de ûnderwiiskwaliteit. Ek biedt it romte foar it fierder ûntwikkeljen fan praktykrjochte ûndersyk. "Uit dit akkoord spreekt vertrouwen in de hogescholen", seit foarsitter Erica Schaper fan it kolleezje fan bestjoer fan NHL Stenden Hegeskoalle.

It akkoart is ûndertekene troch foarsitter Thom de Graaf fan de Vereniging Hogescholen en minister Ingrid van Engelshoven fan Underwiis. It giet om ôfspraken foar de perioade 2019 oant 2022. "De minister maakt haar eerder uitgesproken vertrouwen in de hogescholen waar met dit akkoord", fynt Schaper. Oan de oare kant bliuwt se realistysk: "Iedereen moet zich wel realiseren dat tegenover de extra studievoorschotmiddelen nog ombuigingen staan van zowel het vorige als het huidige kabinet."
 

(advertinsje)