Moasje D66 oer KH 2018

02 nov 2011 - 11:18

De gong fan saken by de provinsjale lobby oer de Kulturele Haadstêd 2018 moat ûndersocht wurde. Dat fynt D66. Fraksjefoarsitter Van de Ree stelt dat de twifels oer doelfêstens en effektiviteit hiel grut wurden binne.

Ut de kulturele hoeke wei wurdt ek kritysk sjoen nei de lobby om yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa te wurden. D66 wol mear jild jaan oan kulturele ynstellings yn Fryslân.
De steaten stimme woansdei oer de D66-moasje.

(advertinsje)
(advertinsje)