Ljouwerter plan foar sinnepark by Wurdum ropt wjerstân op

© ANP
Ynwenners fan Wurdum, Doarpsbelang Wurdum/Swichum en Doarpsbelang Wytgaard wolle fia de Ried fan Steat it bestimmingsplan Plan voor de Zon fan tafel krije. Neffens de tsjinstanners biedt it bestimmingsplan romte om in sinnepark fan 40 hektare oan te lizzen by de doarpen. De partijen sizze hjir 'ûnrêstich' fan te wurden.
De gemeente Ljouwert seit dat de grutte fan it park ôfstimd wurde moat op hoefolle enerzjy der nedich is foar de doarpen. Mar neffens de Ried fan Steat stiet dat net dúdlik omskreaun. Yn it bestimmingsplan stiet ek dat sinnekollektoaren op twa meter hichte komme moatte yn stee fan de gebrûklike meter. Dat hat te krijen mei skiep dy't it gers yn it gebiet koart hâlde moat. Ien fan de beswieren is dat fytsers dêr net oerhinne sjen kinne.
De Ried fan Steat sil him no bûgje oer de beswieren en docht letter útspraak.