Noardeast-Fryslân protestearret tsjin gaswinning Pitersyl

09 apr 2018 - 20:59

Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân ropt minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken op, om de tastimming dy't jûn is foar gaswinning yn Pitersyl yn te lûken. Ek wol de partij dat de NAM ophâldt mei de tariedingen om te boarjen op de lokaasje. Gemeentebelangen hat in protestflagge delsetten op de boarlokaasje Warfstermûne. De partij wol hjirmei oanjaan dat it tsjin gaswinning en de metoade fan fracken is. Dat soe yn in gebiet dat gefoelich is foar ierdbevingen yn har eagen net feilich wêze.

Mei it plantsjen fan de flagge wol Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân de ynwenners fan Pitersyl en omjouwing in hert ûnder de riem stekke.

(advertinsje)