Straf foar Harkemasters fanwege fjochtpartij yn feesttinte

© Omrop Fryslân
Trije ynwenners fan De Harkema binne troch de rjochter feroardiele ta wurkstraffen foar iepenlike geweldpleging. Oanlieding foar it geweld wie in fjochtpartij twa jier lyn yn in feesttinte oan De Bosk op De Harkema. De plysje hie in ein oan it feest makke, omdat der in grutte fjochtpartij wie. De Harkiten fan 20, 26 en 29 jier helllen hjirnei ferhaal by in ynwenner fan Stynsgea. Se wiene fan miening dat hy de inisjator fan de knokpartij wie.
By de wenning fan de man soene de trije manlju op it rút bonke ha, wêrtroch't it stikken gie. Nei't se efterfolge waarden troch de Stynsgeaster en syn freondinne ha se stiennen nei syn auto goaid. Dat se dit nei eigen sizzen út selsferdigening dienen, gie der by de rjochter net yn.
It Iepenbier Ministearje ferwachtet yn dizze saak noch mear minsken foar de rjochter te heljen.