"Takomst NCPN yn De Fryske Marren is fersekere"

09 apr 2018 - 20:26

De takomst fan de Nieuwe Communistische Partij Nederland yn De Fryske Marren is fersekere, ek al soe foaroanman Rinze Visser út de polityk reitsje. Dat sei Visser moandeitejûn yn It Polytburo. Hy is al jierren it gesicht fan de NCPN yn Fryslân, mar is no 79 jier en dus komt de ein fan syn politike karriêre yn sicht.

Neffens Visser stiet der in nije generaasje politisy klear om it stokje fan him oer te nimmen. By de ôfrûne ferkiezingen ferdûbele de NCPN yn De Fryske Marren it tal sitten, de partij gie fan ien nei twa sitten, en hat yn dy gemeente de grutste kommunistyske riedsfraksje fan Nederlân.

Visser sit al hast 50 jier yn de gemeentepolityk.

(advertinsje)