Grouster krijt straf foar bleate kont by tankstasjon

09 apr 2018 - 20:14

Foar it sjen litten fan syn bleate billen hat in 41-jierrige ynwenner fan Grou in wurkstraf fan 40 oeren ûnder betingst krigen. De man hie ein jannewaris syn broek sakje litten foar de befeiligingskamera fan in tankstasjon by Akkrum. Hy die dat, omdat er sigaretten ha woe, mar it stasjon ticht wie. Op in oar momint kamen klanten it tankstasjon binnen mei it ferhaal dat der in man mei bleate billen foar it rút yn in auto siet. In dei letter barde itselde.

De Grouster fertelde oan de rjochter dat er syn trainingsbroek oan it oanlûken wie, omdat er eroatyske foto's makke hie foar syn freondinne. It hie neffens him net de bedoeling west dat oaren dat seagen. Hy joech foar de rjochtbank wol ta dat sa'n aksje op in iepenbier terrein as in tankstasjon net sa tûk wie.

Trefwurden: 
bleate kont wurkstraf Grou
(advertinsje)