Ferkearsproblemen troch wurk oan brêge Ofslútdyk

09 apr 2018 - 19:22

Rykswettersteat is moandeitejûn begûn mei de wurksumheden oan de brêge fan de Lorentzslûzen by Koarnwertersân. De brêge soarget geregeld foar problemen. Ferkear hat dêr bot lêst fan. Der wurdt ûnder oare in automatysk kuolsysteem ynstallearre. Dit moat foarkomme dat by waarm waar de brêge útset en net mear iepen of ticht wol.

Troch de wurksumheden is de kommende wiken ien rydstrook ôfsletten. Yn de spits moat rekken hâlden wurde mei ekstra reistiid. Foar de skipfeart is tydlik ien trochfeart beskikber. Fan 23 oant en mei 26 april kinne boaten der net del.

(advertinsje)