Plataan Dokkumer Markt sûnder fergunning kapt

09 apr 2018 - 18:05

In tweintich jier âlde plataan is moandei yn opdracht fan de gemeente Dongeradiel sûnder fergunning kapt. Neffens wethâlder Pytsje de Graaf koe dat net oars, om't de beam drige om te fallen. By de werynrjochting fan de Markt, dêr't ek de IIsfontein fan LF2018 in plakje krijt, is de beam sa bot skansearre dat er net te rêden wie. Op itselde plak sil no in moerasiik plante wurde. Fierder komme der nochris sechtjin beammen op it plein, dat oan no ta benammen in keal parkearterrein wie.

Yn de stêd wie opskuor ûntstien, om't yn totaal fjouwer beammen omseage wiene. Mar dêr komme dus santjin foar werom. Woansdei is der in offisjeel momint, wêrby't de earste beam de grûn yn giet.

Trefwurden: 
plataan Markt Dokkum fergunning
(advertinsje)