FIDEO: Loftmacht drok mei Frisian Flag 2018

09 apr 2018 - 17:06

Yn Ljouwert is moandei de oefening Frisian Flag begûn. Santich fleantugen út seis lannen dogge der oan mei. Se oefenje benammen boppe de Noardsee.

De kommende wiken wurdt twa kear deis flein. De loftmacht docht der alles oan om de lûdsoerlêst safolle mooglik te beheinen. De oefeningen binne boppe Nederlân, Dútslân en Denemarken, en duorje oant 20 april.

(advertinsje)