'Muzykdyk' by Jelsum wurdt dizze wike oanpast

De no al ferneamde 'muzykdyk' by Jelsum wurdt dizze wike noch oanpast. Dat lit deputearre Sietske Poepjes witte.
"It hat in learmomint foar ús west," leit de deputearre út. "It wie net in folslein sukses. As we dit yn it foar witten hienen, hienen we dit net sa dien. Mar we ha in prachtich folksliet en technysk wurke it perfekt. En der binne ek minsken dy't der wol fan genoaten ha. Wêr't ik bot fan skrokken bin, is dat minsken achterstefoaren op de dyk riden ha. Dat kin absolút net, dat is gekkewurk."
Oan de ein fan de wike moatte de ribbels folslein fuort wêze. Oant dy tiid wurdt tocht oan maatregels om it lûd, dat fan de dyk komt, te beheinen. Te tinken falt oan it nachts ôfsluten fan de baan mei de ribbels.
Auto's dy't oer it nije stik dyk ride, hearre in part fan it Frysk folksliet. Omwenners binne hjiroer net te sprekken. Se fine dat de dyk tefolle leven makket. Earder sei Poepjes dat se derfan skrokken is en dat se it sneu fynt foar de omwenners. Nei oerlis moandeitemiddei is besletten it stik muzykdyk fuort te heljen.