Selstraf foar Ljouwerter foar wapenbesit en himpkwekerij

09 apr 2018 - 16:16

In man út Ljouwert moat njoggen moanne de sel yn, omdat er mei in trochladen wapen troch de binnenstêd fan Ljouwert riden hat. Ek wie er belutsen by in himpkwekerij. De man ried oardel jier lyn mei drank op en mei in wapen yn de auto troch it sintrum. Doe't er syn auto oan de kant sette, seach in frou in wapen yn de auto lizzen. Se skeakele de plysje yn.

Neidat de man oppakt wie, die bliken dat er mei guon oaren in himpkwekerij hie. Foar beide saken hat er no straf krigen. Njonken de selstraf hat er in rydûntsizzing fan njoggen moanne oplein krigen.

(advertinsje)