Opheldering easke oer gouden hândrukken by Caparis

09 apr 2018 - 16:03

De fraksje fan Gemeentebelangen Achtkarspelen wol opheldering oer de gouden hândrukken, dy't twa âld-direkteuren fan wurkfoarsjenning Caparis krigen ha soene. Dy soene heger west ha as de regels foar topynkommens tastean. De wethâlders fan de gemeenten dy't oansletten binne by Caparis soene derfan op de hichte wêze, mar ha dat net dield mei de gemeenterieden.

Gemeentebelangen Achtkarspelen wol witte oft dat wier is en wêrom't de rieden fan neat witte.

(advertinsje)