Primeur: fytspaad by Tytsjerk krijt spesjale topping

Fytspaad
Tytsjerk krijt in lanlike primeur: in fytspaad mei in 'topping'. Boppe-op it besteande fytspaad tusken Ljouwert en Tytsjerk komt in wyt laachje. Dat laachje wurdt tiisdei oanbrocht en dan fertelle meiwurkers fan de provinsje ek wat sa spesjaal oan de wurkwize is.
It fytspaad lâns de provinsjale dyk (N355) moast opknapt wurde. De provinsje frege oannimmers om mei in duorsum en ynnovatyf idee te kommen. Oannimmer Schagen infra kaam mei it idee fan de White Topping.
No mar foar de omwenners hoopje dat it gjin sjongend stikje fytspaad is...