Ried fan Steat moat oardielje oer nijbou badpaviljoen Skylge

09 apr 2018 - 15:09

Tsjinstanners fan in badpaviljoen op in dúntop by Midslân oan See op Skylge hoopje dat de Ried fan Steat in streek set troch de omjouwingsfergunning dy't de gemeente jûn hat. De rjochtbank die dat earder ek al. Neffens de tsjinstanners giet it om in nij projekt dêr't folle strangere easken foar jilde as dy't de gemeente tapast hat.

De gemeente en de inisjatyfnimmer fine dat it bouplan in âlde situaasje werom bringt. Foar de oarloch stie op itselde plak ek in hotel, mar de Dútsers ha dat sloopt. De Ried fan Steat docht oer seis oant tolve wiken útspraak.

(advertinsje)