Stasjon Wolvegea krijt Stellingwerfske namme yn reisplanner

09 apr 2018 - 14:59

Net alle plakken yn Fryslân mei in treinstasjon krije in Fryske plaknamme yn de reisplanner fan de NS. Wolvegea krijt de Stellingwerfske namme 'Wolvege'. De NS wol fanwege Kulturele Haadstêd alle Fryske treinstasjons de Fryske namme jaan, mar makket in útsûndering foar Wolvegea. De provinsje Fryslân stipet it beslút fan de NS en de gemeente Weststellingwerf is dêr bliid mei.

"Stellingwervers zijn trots op hun eigen taal en cultuur", seit wethâlder Jack Jongebloed. "Ook al is Wolvega natuurlijk een Friese plaats, er wordt hier meer Stellingwerfs gesproken. Juist daarom is het een mooi gebaar van de provincie Fryslân dat de keuze voor deze naamgeving voor ons mooie station, met respect voor het Stellingwerfs is gemaakt. Voor reizigers zal het misschien even wennen zijn bij het plannen van hun reis. Reizen van Wolvege, via It Hearrenfean naar Ljouwert, maar het is een mooie passende actie binnen LF 2018."

(advertinsje)