Unrêst oer útwreiding molkfabryk fan FrieslandCampina

It gebou fan FrieslandCampina yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De steatefraksje fan Groninger Belang wol fan de provinsje Grinslân witte oft dizze meiwurket oan de plannen fan FrieslandCampina, om in molkfabryk yn Bedum út te wreidzjen. Dat seit RTV Noord. Neffens Groninger Belang binne ynwenners fan Bedum by de plannen fan FrieslandCampina net heard. Mei it dimpen fan it Boterdiep yn it doarp kin it fabryk útwreidzje, mar de ynwenners binne pas let op de hichte steld oer dy plannen.
Steatelid Petra Blink seit dat omwenners pas ôfrûne wike de plannen hearden fan it fabryk en dêrfan skrokken binne, meldt RTV Noord. "De bewoners zijn niet tegen de bouw van een melkfabriek, maar voelen zich niet gehoord. Zij hadden verwacht dat ze echt konden meepraten over de plannen, maar toen ze afgelopen week bij een inloopavond kwamen, werden ze haast met een voldongen feit geconfronteerd. Zijn ze zo wel betrokken bij de bouwplannen van de melkfabriek?", sa seit it steatelid tsjin de regionale omrop.