Baukje de Graaf leit derút by The Voice Kids

Baukje de Graaf út Noardburgum is net fierder yn The Voice Kids. Sneon stie se yn The Battles. By har earste optreden yn it telefyzjeprogramma smiet se hege eagen. Se song doe yn it Frysk, it nûmer 'In nije dei' fan De Kast. By The Battle moast se mei twa oare famkes in liet sjonge. Har coach Marco Borsato keas doe net foar har.
"Ik fyn it hiel jammer, mar der is neat oan te dwaan. Ik ha in goed gefoel oer it sjongen, de battle gie goed, dêr bin ik tefreden oer. Fansels baalde ik op dat momint wol, mar achternei bin ik grutsk dat ik safier kaam bin. Dat wie myn doel ek. Ik ha in leuke tiid hân." Sa fertelde de yn De middei fan Fryslân. Se sil wol trochgean mei sjongen.