FNP: mear jild nei drama Omrop

02 nov 2011 - 11:24

De FNP-steatefraksje freget mear jild foar in nije Fryske dramasearje op televyzje. De provinsje moat der mear jild foar beskikber stelle, om't de dramasearje oars troch de provinsjale besunigings by Omrop Fryslân faai komt te stean.

De Omrop krijt yn 4 jier tiid sa'n 1,1 miljoen euro minder fan de provinsje. De FNP wol de provinsjale bydrage foar de Omrop al takom jier útkeare. Omrop Fryslân soe dan mear tiid ha foar bettere ôfwagings by de reorganisaasje.

(advertinsje)