Gemeenten rinne miljoenen mis troch skaalfergrutting

09 apr 2018 - 12:57

Gemeenten rinne troch de skaalfergruttingsplannen fan it Ryk hûnderten miljoenen euro's mis. Lanlik giet it oant 2025 om hast 800 miljoen euro. Fryske gemeenten rinne sa'n 45 miljoen euro mis, seit boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean, ek foarsitter fan de Feriening Fryske Gemeenten. It hat te krijen mei de plannen fan de eardere minister Plasterk, dy't woe dat gemeenten minimaal 100.000 ynwenners hawwe moasten.

Dy plannen binne werom draaid, mar de saneamde opskalingskoarting dy't by de plannen hearde, gie wol troch. Dêrtroch rinne gemeenten elk jier tsientallen miljoenen euro's mis en dy rekken rint neffens Van der Zwan elk jier op. Hy neamt de koarting ''een grote onrechtvaardigheid en volstrekt willekeurig. Het Rijk pakt dat af uit het Gemeentefonds. Daarmee betalen wij zaken als zorg, ondersteuning en werkgelegenheid.''

De Feriening Fryske Gemeenten en de lanlike feriening VNG binne fûl op de koarting tsjin en binne mei it kabinet yn oerlis om dy op te heffen.

(advertinsje)