Lekkum en Miedum sitte sûnder stroom troch steuring

09 apr 2018 - 12:06

De doarpen Lekkum en Miedum sitte moandei sûnt de ein fan de moarn sûnder stroom. Dat meldt netbehearder Liander. It soe gean om in spontane steuring, hast it folsleine doarp Lekkum soe sûnder stroom sitte sa seit de steuringstsjinst op de webside. Der is in monteur ûnderweis. Yn de rin fan de middei is de stroomsteuring noch net ferholpen, mar waard wol dúdlik dat ek yn Jelsum de stroom útfallen is.

Trefwurden: 
stroomsteuring Lekkum Miedum
(advertinsje)