Plysje brûkt mear geweld yn Noarden, mar is wol tefreden

09 apr 2018 - 11:40

De plysje yn Noard-Nederlân hat yn it ôfrûne jier njoggentich kear in fjoerwapen brûke moatten by har wurk. It giet dan net allinnich mar om it sjitten mei in fjoerwapen, mar ek om it yn de hân pakken of it rjochtsjen fan in pistoal op in persoan.

Yn totaal moast de plysje yn Fryslân, Grinslân en Drinte 670 kear geweld brûke. Dit is mear as yn 2016, doe't der 633 kear mei geweld hannele wurde moast. De lieding is dêrnettsjinsteande tefreden mei dit sifer. "Kijkend naar de cijfers dan blijkt dat we hier overduidelijk zo min mogelijk geweld in ons werk toepassen," sa seit distriktssjef Monique Pennings. Yn 433 gefallen moast de plysje fysyk geweld brûke. "Dat vind ik een compliment waard," fynt Pennings.

It falt ta

Njonken fjoerwapengeweld moast de plysje ek 79 kear pepperspray brûke, waard de wapenstok 12 kear hantearre, en moast 13 kear in plysjehûn ynset wurde. Yn fergelyk mei in regio as Amsterdam falle de noardlike sifers ta: de plysje moast dêr goed trijetûzen kear geweld brûke yn 2017. Lanlik brûkt de plysje yn 2017 wol folle minder geweld: fan 14.660 kear in 2016 nei 12.394 kear yn 2017.

"Als je bedenkt dat politieagenten in het noorden vorig jaar 1 á 2 keer per dag met geweld werden geconfronteerd, dan durf ik te stellen dat politieagenten in het Noorden beheerst omgaan met geweld," seit distriktssjef Monique Pennings.

Trefwurden: 
plysje geweld
(advertinsje)