Poepjes: "Minsken moatte net ûngelokkich yn har hûs sitte"

09 apr 2018 - 12:06

"Ik wol net dat minsken hjirom ûngelokkich yn har hûs sitte", sei deputearre Sietske Poepjes moandei by de iepening fan de N357 by Jelsum, dy't no al bekend stiet as de 'muzykdyk.'

Automobilisten dy't oer dat stik nije dyk ride, hearre in part fan it Frysk folksliet. Omwenners binne net te sprekken oer it leven. "Dat is sneu foar de omwenners. Dêr skrik ik fan," reagearre Sietske Poepjes. "It is ferskriklik leuk en it wurket ek, mar de buert is der net happy mei. De provinsje is der foar elkenien, dus we moatte elkoar temjitte komme. Ik tink dat der in ein komme moat oan dizze pilot. Dit moat gjin skoften duorje. Fan de wike wol ik witte wannear't dit ophâldt. It is krekt as by in leuk feestje, moatst witte wannear'tst wer ophâldst."

Neffens de deputearre wie it altyd al de bedoeling dat it tydlik wêze soe. "We hienen net foarsjoen dat de minsken der sa ûnder lije soenen." 

Sliepleas

Omwenners sliepe der net fan. Se neame it 'geestelijke mishandeling'. In oar wurdt gek fan de kakofony fan lûden. It giet 24 oeren deis troch en alle lûden klinke trochinoar. As de provinsje it net fuorthellet, driigje minsken om it sels fuort te heljen. Ien die ek noch de suggestje om de muzyk nei de Ofslútdyk te bringen, dêr wenje ommers gjin minsken.

(advertinsje)