Escher oan it wurd yn dokumintêre oer syn libben

09 apr 2018 - 17:35

'Op de wrâld is mar ien persoan dy't in film oer myn wurk meitsje kin, dat bin iksels'. It binne de wurden fan de ferneamde grafikus en keunstner Maurits Cornelis Escher. Filmmakker Robin Lutz makke lykwols in trijedielige dokumintêre 'Het Oneindige Zoeken' oer de yn Ljouwerter berne Escher, dêr't er sels yn oan it wurd komt. Dy dokumintêre komt moandei 9 april út.

Oan de hân fan hûnderten brieven, artikels, deiboeken en lêzingen hat Robin Lutz mei keunsthistoarikus Marijnke de Jong Escher syn eigen ferhaal fertelle litten. Lutz: "Escher komt uit de schaduw van zijn werk door deze documentaire. Wij volgen hem op zoek naar inspiratie en beleven hoe hij tot zijn grote werken kwam." Troch de wurden fan Escher, de printen en de grafyske effekten komt syn wurk ta libben. "Je beleeft zijn werk op een hele andere manier. En ziet daarbij ook een hele andere kant van Escher", seit De Jong. Gewoanlik wurdt Escher ôfskildere as in rasjoneel persoan, mar neffens De Jong is dit byld net kompleet. De Jong: "Hij was niet echt een mensen-mens, maar zijn brieven staan vol met emotie en passie, voor zijn werk maar ook voor de mensen om hem heen."

Gjin ein

Escher is yn 1898 berne yn Ljouwert. Nei Rembrandt en Van Gogh is hy foar it grutte publyk ien fan de bekendste Nederlânske keunstners. Yn syn wurk steane ûnmooglike konstruksjes sintraal dêr't er boartet mei wiskundige prinsipes, lykas de print 'Tekenen', dêr't twa hannen mekoar yn tekenje. Net earder as yn de jierren '50 wurdt Escher syn wurk ûntdutsen troch wiskundigen. Ek al sloech syn keunst net gelyk oan, Escher is nea feroare, fertelt Lutz. "Hij is altijd trouw aan zichzelf gebleven en liet zich niet beïnvloeden door de wereld."

Relativiteit

Ien fan syn meast bekende stikken is 'Relativiteit'. Escher oer syn print: "Drie aardoppervlakten snijden elkaar rechthoekig en op elk van hen leven mensen. Twee bewoners van verschillende werelden kunnen niet op dezelfde vloer leven, want hun besef van wat horizontaal en verticaal is, zijn niet dezelfde. Maar zij kunnen wel dezelfde trap benutten, alleen klimt de ene naar boven en daalt de ander naar beneden."

Escher as man en heit

Neist Escher sels, komme ek syn twa soannen George (92) en Jan (86) oan it wurd yn de dokumintêre. Lutz: "Escher was niet makkelijk om als man of vader te hebben. Hij sloot zich op in zijn werkkamer, daar moest hij werken. Dat levert natuurlijk wel problemen op. Zijn vrouw had het niet makkelijk en had psychologische problemen." Mar ek al wiene der problemen, Jan Escher seach wol dat der leafde tusken syn âlden wie. "Hij was enorm bedroefd dat ze zo'n moeite had met haar psychologische problemen en dat hij zo weinig heeft kunnen helpen. En hij verweet zich ook dat hij voelde dat hij misschien meer tijd aan haar moeten geven. Maar aan de andere kant werd hij door zijn werk opgeslokt en hij kon het niet laten."

Iensumheid

Dat Escher opslokt waard troch syn wurk soarge der ek foar dat er grutte twivels hie en ferlet fan erkenning. Dat skriuwt Escher yn ien fan de brieven: "Treurig en katerachtig blijft het feit dat ik tegenwoordig een taal begin te spreken die door slechts zeer weinig wordt verstaan." Hy hie it gefoel dat gjinien him begriep en observearre de wrâld om him hinne, mar koe it net folgje. "Dat maakt mijn eenzaamheid steeds maar groter en groter. Ik hoor tenslotte nergens meer bij." Hy fielt him tusken syn kollega's nea op syn plak. "Zij streven in de eerste plaats schoonheid na, misschien streef ik wel uitsluitend verwondering na", seit Escher yn de dokumintêre.

Moandei 9 april is de premjêre fan 'Het Oneindige Zoeken' en om in foarpriuwke te jaan sitte Robin Lutz en Marijnke de Jong oan tafel yn Fryslân Hjoed. De dokumintêre is fan 12 april ôf yn Tivoli yn Ljouwert te sjen. Dêrneist stjoert Omrop Fryslân snein 15 april in Fryslân DOK út oer Escher en yn septimber wurdt de dokumintêre folslein útstjoerd, mar dan yn it Frysk.

Trefwurden: 
M.C. Escher dokumintêre
(advertinsje)