Frachtwein út Eastermar blokkearret part A9 troch ûngelok

09 apr 2018 - 10:54

Ferkear op de A9 by Akersloot yn Noard-Hollân hat moandeitemoarn lêst hân fan in iensidich ûngelok mei in frachtwein fan in transportbedriuw út Eastermar. De frachtwein kaam yn de rjochterberm telâne. Doe't de sjauffeur besocht der út te kommen, rekke hy de macht oer it stjoer kwyt. De frachtwein botste doe omkeard tsjin de fangrail yn de middenberm en blokkearre in grut diel fan de dyk.

Ferkear moast fia de spitsstripe it plak fan it ûngelok passearje. Foar safier bekend is de sjauffeur mei de skrik frij kaam.

(advertinsje)