Galigapromenade yn Snits krijt opknapbeurt

09 apr 2018 - 10:06

It wurk oan de Galigapromenade yn Snits is begûn. Earst wurde de oerkapingen fuorthelle en wurdt it asbest sanearre. Dêrnei wurde de gevels opknapt. Ek komt der nije ferljochting en nij strjitmeubilêr.

De Galigapromenade ferbynt it Martiniplein mei it sintrale winkelgebiet. De luifels yn de promenade binne yn 1974 oanbrocht. "Doe wie it de earste oerkappe winkelstrjitte fan Nederlân, hiel foarútstrjibjend dus," fertelt Herbert de Vries, fan Stichtingsbestuur Galigapromenade Sneek. "No geane we werom nei romte, mei gevels. It is spannend, want yn dy 44 jier is in soad feroare. Winkels ha oan de ûnderkant wol ferboud en by guon sil dat net altyd mear passe by de boppekant."

Ynkomsten

Jos Abbink, fiskspesjalist yn de promenade mist wol wat omset, "mar it is net oars. Moandeitemiddeis is de saak ticht, mar de rest fan de wike kinne we gewoan iepen." Hy moat syn gevel noch wol opknappe. "Yn it wykein fyts ik no troch de stêd om ynspiraasje op te dwaan, in âlderwetske gevel fyn ik moai." De kosten foar it opknappen fan de gevel is foar rekken fan de ûndernimmer sels. "Dêr moat ik hiel wat hjerrinkjes foar ferkeapje."

Troch de eardere promenade mochtst net fytse, en dat bliuwt sa. It wurk is benammen nachts en yn de wykeinen om de oerlêst foar winkellju, besikers en bewenners safolle mooglik te beheinen. It wurk moat  24 april klear wêze.

(advertinsje)