Gjin Slauerhoffpoëzypriis dit jier; te min ynstjoeringen

09 apr 2018 - 09:34

Om't der te min ynstjoeringen binne, hat it bestjoer fan Stichting Herdenking J.J. Slauerhoff it beslút naam om de útrikking fan de Slauerhoffpoëzypriis 2018 ôf te sizzen. De wedstriid foar jongerein tusken 12 en 18 jier wurdt ien kear yn de twa jier hâlden. Mar foar dit jier binne der te min ynstjoeringen om de priis útrikke te kinnen.

De organisaasje hopet yn 2020 genôch bydragen binnen te krijen.

(advertinsje)