Tsientallen fleantugen de loft yn foar Frisian Flag 2018

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De militêre oefening Frisian Flag is moandeitemoarn wer úteinset. Mear as santich fleantugen sille de kommende wiken fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf de loft yn, om grutte en komplekse missys te oefenjen.
Om acht oere moarns mocht it saneamde 'weather ship' as earste de loft yn. Dit fleantúch wurdt brûkt om te sjen hoe't it waar der op de trainingslokaasjes foar stiet. As it allegearre nei ferwachting is, sil dêrnei de earste golf fan fleantugen opstige fan de Ljouwerter basis ôf. It senario dêr't mei wurke wurde sil, rjochtet him op it berikken fan loftoerwicht boppe fijanlik gebiet.
De oefeningen binne boppe Nederlân, Dútslân en Denemarken, en duorje oant 20 april.