Muzykdyk: "Alsof er een trompettist in je tuin staat"

09 apr 2018 - 08:21

"Alsof er iemand in je achtertuin staat met een trompet." De nije muzykdyk by Jelsum is noch net iens offisjeel iepen, mar hy soarget no al foar opskuor en argewaasje. De dyk is net foar elkenien in feestje, sa docht bliken op sosjale media.

As automobilisten op de N357 mei sechtich kilometer yn 'e oere oer in spesjale streek ride, komt der muzyk út de dyk. In leuk idee foar it ferkear, mar net foar de omwenners.

Knettergek

Maria Dijkstra bygelyks, sy wennet op 400 meter fan de dyk, en wurdt sa stadichoan gek fan it konstante lûd fan it Fryske folksliet. "Het Frysk folksliet is prachtig, maar niet op deze manier. Knettergek word je ervan, als je het dag- en nacht verplicht moet horen. Ik ben maar binnen gaan zitten met de radio aan." Sa skriuwt se op Facebook. Ek Bosma steurt him bot oan de nije lûden fan de N357 ôf: "It Frysk folksliet is geweldich, oerdei prima mar nachts giet it ek troch...fannacht alle kearen wekker as der in auto lânsrydt."

Gefaarlik

Immen dy't himsels op Facebook Grutte Pier neamt, en yn Jelsum wennet seit dat de muzykdyk sels foar gefaarlike sitewaasjes soargje soe. "Taxi's probeerden afgelopen nacht om het liedje op dubbele snelheid af te spelen," sa skriuwt er op Facebook. "Ook proberen mensen die de andere richting uit rijden het lied vice versa af te spelen!"

De nije dyk tusken Stiens en Ljouwert wurdt moandei offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Muzykdyk N357 sosjale media
(advertinsje)
(advertinsje)