Kollum: "Skytsoai"

09 apr 2018 - 07:25

"'Wanneer mag ik een scheet laten in een relatie?' Doe't ik dit in pear wiken lyn yntypte yn sykmasine Google skamme ik my der suver foar. Ik hie nea tocht dat ik sa'n ûnsinnige fraach stelle soe oan it wrâldwide web. Nei't ik op enter drukt hie, krige ik prompt allegearre fan dy ûnsin-pagina's as Forum Fok en Party Flock foar myn noas, dêr't minsken serieus hiele diskusjes hiene oer it wol of net ôfskiten yn in relaasje. Myn holle skodde automatysk al hinne en wer, tsjongejongejonge. Mar dochs, dochs móast ik it witte. Want feit is dat ik in relaasje haw en gjin idee haw oer hoe't it krekt sit mei ôfskiten.

Hast in healjier haw ik yntusken ferkearing. En sa't dat giet yn in relaasje moatst dy dan sa no en dan in bytsje oanpasse. Alles wat ik jierrenlang dien haw, moat ik no 'her-evaluerje' en wêr nedich oanpasse. En dat is noch knap lestich, sil ik dy fertelle.

Dus sa kaam it dat ik in wike as wat lyn op Google siet te sykjen nei ynformaasje oer it litten fan sketen yn in relaasje. It docht bliken dat de mieningen hjiroer nochal ferskille. Mannen fine dat ôfskite nei in wike date al wol kin. By froulju sit der in grutter taboe op. Eins hielendal gjin skeetsjes, mar as it dan echt net oars kin, dan pas nei in healjier. Oke, tocht ik. Dat is best lang. In healjier gjin sketen litte. No ja, wol thús, mar dan dus allinnich ast 'home alone' bist. Poeh hee. Dat is toch hast net te dwaan?

Dêrom hawwe wy hjir lêstendeis mei ús beiden oer fergadere thús. Hoe dogge wy dat mei sketen en - no't it toch op de aginda stiet - dan fuort ek mar it boeren beprate. Oer boeren wiene we it gau iens. As it mooglik is doch dat dan in bytsje fatsoenlik binnenmûls. Untkomt er dy, dan is 'ho sorry' genôch. Mar wát der ek gebeurt, noait by de oar lyk yn it gesicht. Sa, punt ien op de aginda wie klear. En doe kaam punt twa: it ôfskiten.

"Ik fyn", sei ik, "dat ôfskite seker yn pinebúk-situaasjes kinne moat." De foarsitter wie it hjir mei iens. Mar hoe dan mei gjin pinebúk-situaasjes? "Ynhâlde", fûn ik. "Mar as it dan in pinebúk-sitewaasje wurdt troch al dat ynhâlden?" Dan dochs mar fleane litte, fûnen wy beide. "Ek ûnder de tekkens?", frege ik. De foarsitter tocht efkes nei. "Toe dan mar wer. Ast dêrnei mar net as in idioat wapperjen giest." "En wannear begjinne wy hjirmei?" frege ik. As datum waard 1 april ôfpraat.

Dus doe't ik ferline wike boppe yn de sliepkeamer bukte om myn chillpants oant te lûken, wêrby't per ûngelok in skeetsje ûntsnapte, wie ik yn de ferûnderstelling dat dit gjin inkel probleem wie. Ik wie per slot fan rekken yn de sliepkeamer, ik wie boppedat allinnich en it hie 1 april west. Alles neffens de regels. En dochs hearde ik fanút de wenkeamer noch gjin sekonde nei't it skeetsje de loft yn knettere wie in gjalp. "Lietsto no in skeet?" Just ja. Toch nóch mar in healjier ynhâlde. Skytsoai."

(advertinsje)