FIDEO: Auto's ride oer sjongende dyk by Jelsum

08 apr 2018 - 20:29
  • Sjongende dyk

Automobilisten dy't oer de N357 by Jelsum rieden, koenen dêr snein it Fryske folksliet hearre. As minsken op it trajekt sechstich kilometer yn de oere rieden en oer in spesjale streek stjoerden, kaam der muzyk út de dyk. Foar guon automobilisten wie it in ferrassende rit. De nije dyk tusken Stiens en Ljouwert wurdt moandei offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Jelsum N357 Muzykdyk
(advertinsje)