Aafke Soet wint lêste etappe fan Healthy Ageing Tour

08 apr 2018 - 18:48

Hurdfytsster Aafke Soet fan It Hearrenfean hat sneintemiddei de lêste etappe fan de Healthy Ageing Tour op har namme skreaun. De 20-jierrige Soet kaam as earste oer de streek by de finish yn Grins; it is ek har earste oerwinning fan dit jier. Yn it klassemint gie de winst nei Amy Pieters. Sy hie op de twadde dei de liederstrui ferovere en joech dy net mear ôf.

Soet fytste yn de slotfaze yn Grins fuort by de kopgroep en koe har foarsprong fêsthâlde. ''Ik tink dat se tefolle nei inoar seagen. Se lieten my doe fuortride'', sei de Friezinne.

(advertinsje)