Trije punten foar Snits Wyt Swart, VV Hearrenfean ferliest

08 apr 2018 - 16:31

Snits Wyt Swart hat sneintemiddei in 2-1 oerwinning behelle tsjin RKHVV út Huissen. Gerben Visser makke yn de 35ste minút de iepeningstreffer foar de Snitsers. De 1-0 bleau lange tiid op it skoareboerd stean, oant Visser yn de 89ste minút opnij skoarde. Yn blessueretiid makken de gasten fan RKHVV de earetreffer út in strafskop.

Foar VV Hearrenfean foel de balâns krekt de oare kant út. De Feansters gienen mei 3-2 ûnderút tsjin SDO yn Bussum. By rêst stie it 2-1 foar de thúsploech. Beide teams skoarden noch ien kear yn de twadde helte, mar foar VV Hearrenfean wie dat net genôch.

(advertinsje)