Sportklup Hearrenfean spilet lyk tsjin FC Grins

08 apr 2018 - 16:22

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei yn it eigen Abe Lenstrastadion lykspile tsjin FC Grins. De Feansters bleaunen nei in 1-0 foarsprong úteinlik op 1-1 stean tsjin de Grinzer besikers. It earste doelpunt foel nei in healoere. Michel Vlap krige de bal op 'e râne fan it strafskopgebiet en skeat binnen: 1-0. Keeper Hansen hold krekt foar it skoft noch in skot fan Hrustic tsjin, mar echt gefaarlik waarden de Grinzers yn de earste helte net.

Nei rêst kaam FC Grins yn de 55ste minút op likense hichte. Doelpuntemakke wie Tom van Weert. Nei de lykmakker krigen Dumfries en Reza noch kânsen foar Hearrenfean, mar dy bedarren net yn de touwen. Yn de slotfaze en yn de twa minuten blessueretiid slaggen beide ploegen der net mear yn in winnende treffer te meitsjen.

Sportklup Hearrenfean - FC Grins 1-1 (1-0) 31. Michel Vlap 1-0, 55. Tom van Weert 1-1.

Opstelling SC Hearrenfean: Hansen, Dumfries, Høegh, Pierie (67. Bulthuis), Woudenberg, Bruijn (74. Veerman), Kobayashi, Thorsby, Vlap, Ghoochannejhad, Zeneli (57. Van Amersfoort)

(advertinsje)