Noppert yn tredde partij ûnderút op Players Championship

08 apr 2018 - 16:04

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is sneintemiddei yn de tredde ronde útskeakele fan it achtste Players Championship yn Barnsley. De 27-jierrige Noppert ferlear mei romme sifers fan Gerwyn Price: 6-1. De Jouster koe net op tsjin syn tsjinstanner út Wales, dy't goed boppe de hûndert punten gemiddeld smiet.

James Wade

In partij earder koe Danny Noppert dat hege nivo noch wol byhâlde. Mearfâldich major-winner James Wade waard mei 6-4 ferslein troch de Jouster darter. Ek Simon Stevenson (6-2) gie yn de earste ronde ûnderút tsjin Noppert.

European Tour

Takom tongersdei stiet foar Noppert it folgjende toernoai op it programma. Dan spilet er yn Dútslân de kwalifikaasje foar twa European Tours: Saarbrücken en Graz.

(advertinsje)