Pauperfontein yn sintrum fan Warkum iepene

08 apr 2018 - 16:01

De pauperfontein yn Warkum is sneintemiddei iepene. De fontein dy't eins in iepenbier toilet is, makke mei 230 pimels, stiet op de Merk midden yn de stêd. It idee foar de fontein begûn as protest tsjin it projekt 11-fountains. Dat soe ien fan de mienskipsprojekten wurde moatte fan Ljouwert-Fryslân 2018. Stichting De Paupers fûn lykwols dat der fan iepenheid kwealik sprake wie. Sa sei ien fan de belutsen minsken dat 'of alle stêden meidogge, of net ien'.

De Paupers fûnen dat sjantaazje en begûnen mei de opset fan in eigen fontein, dy't al stipe krige fan de mienskip. Der waard mei help fan crowdfunding goed 12.000 euro ophelle. Ek krigen de inisjatyfnimmers in soad materiaal kado. De organisaasje fan LF2018 hat it projekt yntusken omearme en taheakke oan it haadprogramma.

Trefwurden: 
pauperfontein Warkum LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)