Nyck de Vries pakt fyfde plak yn sprintrace Bachrein

08 apr 2018 - 14:22

De sprintrace yn de Formule 2 hat snein foar Nyck de Vries in fyfde plak opsmiten. De Twellingeaster lei in grut part fan de wedstriid op kop, mar troch in pitstop ferlear er in hiel soad plakken. Yn it twadde diel fan de wedstriid rûn De Vries noch flink wat plakken yn, mar genôch foar in poadiumplak wie it net.

By de earste wedstriid fan it Formule 2-seizoen yn Bachrein waard De Vries sneon sechsde. Yn it klassemint stiet de koereur fan Prema Racing no op in dielde fjirde plak mei 16 punten. De Brit Lando Norris is de lieder nei twa races. Hy stiet op 39 punten.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Bachrein
(advertinsje)