Ferhuzing provinsjehûs begûn

02 nov 2011 - 11:43

Alle 900 amtners en al it kantoarguod ferhúzje nei it nije provinsjehûs. Fjouwer dagen binne der útlutsen foar de ferhuzing fan de tydlike lokaasje oan de Snitsertrekwei nei it foar 80 miljoen ferboude ûnderkommen oan de Twabaksmerk yn Ljouwert. Sa'n 4000 ferhûsdoazen en dossierbakken binne der.

De amtners wurken 5 jier lang oan de Snitsertrekwei. Se begjinne moandei op it nije wurkplak. It provinsjehûs wurdt begjin takom jier echt iepene.

(advertinsje)